Onze Vogelwacht

Onze Vogelwacht

door Laurens Potijk, voorzitter

Krûd

Wat in wille hawwe wy thús han fan in flinterstrúk dizze ôfrûnne simmer.
Troch de grutte droechte wie der minder fretten foar ynsekten. Mar dizze strúk hat twa kear yn bloei stien. En dat trok distel, atalanta, kleine vos, koolwitjes en selfs kolibrie flinters wiene dagliks te sjen, in pracht.

Mar ja as jo oerlibje wolle dan jilde de trije V ‘s.
V fan veiligheid, voortplanting en verrassend voedsel. Fretten dus.

Wy sjonge alle jierren it heitelân by it iepenjen fan de jierlikse gearkomste fan ús BFVW. Deryn sjonge we oer de krûdrike terreinen yn Fryslân der wer it optilt fan fee en blommen. Der is it leave heitelân. It moaie Fryske lân.
Dan kinne we kommende tiid los mei plantsjen.
No, de krûden dêr is it om te dwaan. Net allinne de greidefûgels mar ek de briedfûgels hawwe dêr ferlet fan. No it bermenbehear feroaret hjir yn ûs omjouwing en boeren mear omtinken hawwe foar krûdrike mingels kinne jo no noch op in lytse skaal sjen dat der grut ferlet fan is. De ynsekten dy’t nedich binne foar jonge fûgels is fan tige beskiedend belang. Net allinne ferlet fan krûden en blommen, mar ek de pesticides dy’t noch brûkt wurde sille we mei stopje moatte. Op grutte en lytse skaal fuortendaliks stopje dêrmei. We binne op in djiptepunt belânne en kinne allinne mar foarút buorkje as we ús ferantwurdlikens nimme. Litte we mei syn allen kommende tiid each hawwe foar blommen en krûden. As we as minsk no allegear in flinterstrúk, gjin fergif of gjin kunstdong mear brûke kin it neffens my allinne better wurde mei ús pleatslike ferskaat oan soarten. Wy sille as wacht ek mear each hawwe foar de ynsekten yn ús omjouwing.

Der komt no eins wat wetter, dus sil ik de tún yn en begjinne mei it meitsjen fan in ynsekten hotel.

Ik winskje jimme in soad wille yn de natoer en in hiel moai 2019 ta.

Laurens Potijk

Lid worden van onze vogelwacht

Nu lid worden